Pelote-team Winsum te wetter
It Mantgumer pelote-team hie in sloep regele en begeliede de swimmers fan begjin oant ein. Wilco Fopma hie in angel meinommen mei oan it tried in stik Peijnenburger koeke dy’t er de swimmers as oanmoediging foar hâlde. De Winsumers hienen it waar mei, in oangename temperatuer en wynstil. De ôfstân fan sa’n twa oant trije kilometer waard binnen it oere ôflein. By oankomst yn Easterlittens stie it Mantgumer dameskollektyf FET mei harren drumfetten klear om de Winsumers mei tromgeroffel binnen te heljen. De Winsumers hienen op de brêge yn Easterlittens de tekst oanbrocht: “Finish. bedankt Pel. Winsum”. Op ‘e wal yn Littens stie ûnderwilens in barbeque klear mei wat kâld focht. It lit him riede dat de jûn noch lang duorre want mei soks witte ús peloters wol rie..............
Geplaatst op 26 August 2009